Buorfrou Ria spilet “De Finale”
Bûtenpost. Op 19 en 26 novimber 2016 spilet de Fryske Krite it kluchtige blijspul “De Finale” fan Tryntsje van der Zee. Dit yn sealesintrum The Point, beide jûnen om 20.00 oere, seal iepen fa 19.00 oere ôf. Kaartferkeap oan de seal.
Rinus Palstra is ferstoarn en iepenet syn testamint op in wol hiel moderne wize.
It earste part jout al wat kribbekeurichheden, om’t syn freondinne yn it hûs wenjen bliuwe mei, sadat dat net ferkocht wurde kin.
It twadde part is noch slimmer, want fan de twa ton dy’t hy neilit moat de helte nei in goed doel. As de bern útfine kinne wat dit goede doel it is, kinne sy de oare helte ek opstrike, oars giet dy ek nei dat selde goede doel.
Panyk yn de tinte, want se hawwe ferlet fan it jild om’t se slim yn’e niten sitte, of se gunne
inoar gewoan neat ……
Spilers: buorfrou Ria Krist, Klaas Jansma, Iebe Bouma, Anneke Nieuwenhuis, Klaske Kommery en gastspiler Martinus Meindertsma. Regy: Jelmar Hoekstra.
Nei ôfrin fansels wer in fleurich stikje muzyk.
Sneon 19 novimber: Blowing Away
Sneon 26 novimber: Tres Chic
Yn maart komme buertgenoaten Ruurd,Frouke en Dictus yn aksje.
Foto’s: Ernst Jaap de Haan